Post komt letter troch stoarm

28 okt 2013 - 16:58

Troch de stoarm rint ek de postbesoarging fertraging op. De post wurdt moandei letter of tiisdei pas delbrocht. De besoarging yn Ljouwert en Hearrenfean en omkriten ferrint dreech. Der lizze dêr safolle beammen op de dyk dat de postauto's der net del kinne.

Om't der gjin boaten farre, rint ek de besoarging op de Waadeilannen fertraging op. Post NL sil syn bêst dwaan om roukaarten en medyske post al op 'e tiid del te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)