Posityf resultaat Accolade

28 nov 2009 - 15:03

Wenningboukorporaasje Accolade op It Hearrenfean ferwachtet dit jier finansjeel ôf te slúten mei in lyts posityf resultaat. En dat is bêst bysûnder want oer 2008 is 22 miljoen euro mear útjûn as begrutte. Dat koe net, dus is der yngrypt. Sa binne der in tal grutte projekten skrast dy 't in soad risiko opsmieten lykas de nijbou by it Cambuurstadion yn Ljouwert. Fierder wurdt der nei in fúzje mei oare wenningboukorporaasjes effisjinter wurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)