Posityf petear oer Frysk

23 sep 2008 - 17:32

It Konsultatyf Orgaan Frysk ûnder lieding fan Gerrit Ybema hat tiisdei yn Den Haag praat mei minister fan Ynlânske Saken Ter Horst oer de posysje fan it Frysk. Ter Horst hat tasein meikoarten in kommisje te ynstallearjen om te ûndersykjen hoe't it foech oer it Frysk it bêste nei de de provinsje oerhevele wurde kin.

Foar de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis sil Ter Horst op koarte termyn in ôfspraak regelje tusken it Orgaan en minister Plasterk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)