Posityf oer sintrummanager

11 okt 2013 - 13:26

De gemeente Opsterlân is posityf oer it idee fan in sintrummanager foar De Gordyk. Dy soe neitinke moatte oer de leechstân yn it sintrum fan it doarp en hoe't dat tsjingien wurde kin. Ut ferskate ûndersiken hat bliken dien dat de detailhannel de kommende jierren bot feroarje sil. It winkeljend publyk wurdt âlder en hieltyd mear minsken winkelje op ynternet. De sintrummanager moat mei de ûndernimmers op De Gordyk neitinke oer hoe dêrmei om te gean.

De gemeenteried moat noch in definityf beslút nimme oer de sintrummanager.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)