Posityf oer nijbouplannen

12 jan 2011 - 07:58

De riedskommisje fan Eaststellingwerf sjocht de plannen foar nijbou fan 500 oant 750 huzen yn de gemeente wol sitten. Wethâlder De Boer presintearre dat plan tiisdeitejûn.

70 prosint fan de huzen moat komme yn de grutte doarpen: Easterwâlde, Haulerwyk en Appelskea. De rest yn de lytse doarpen. De kommisje fynt dat it foar partikulieren ek mooglik wêze moat om mei plannen te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)