Posityf oer kolleksjesintrum

05 jun 2013 - 15:41

De steaten nimme meikoarten in beslút oer in bydrage fan 6 miljoen euro foar in nij te bouwen kolleksjesintrum. Dêryn moatte stikken ûnderbrocht wurde fan ûnder oare it Fries Museum, it Frysk Lânboumuseum en Tresoar. De provinsjale bydrage soe dêrmei op 7,4 miljoen komme, earder stelde de provinsje nammentlik al 1,4 miljoen beskikber.

By in provinsjale kommisje die woansdei bliken dat in mearderheid yn de steaten foar de provinsjale bydrage is.

Earder wie it doel dat der ek jild út de ferkeap fan de âlde gebouwen fan it Fries Museum nei it nije depot gie, mar dat slagget noch net om't de gebouwen troch de krisis net ferkocht reitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)