Dokkum posityf oer keapsnein

27 aug 2014 - 18:26
  • Allinnich yn Dokkum is it tal hoarekasaken ôfnaam

In grut diel fan de besikers fan de binnenstêd fan Dokkum fielt wol foar in keapsnein. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de gemeente Dongeradiel. Dy hat yn kaart brocht wêr't de besikers fan de binnenstêd weikomme en mei wat foar doel se komme. Der waarden goed 300 minsken ûnderfrege, trijekwart fan har jout oan belangstelling te hawwen foar in keapsnein.

De minsken dy't oankeapen dogge yn de binnenstêd fan Dokkum hawwe oer it algemien in leger ynkommen as gemiddeld, sa docht bliken út it ûndersyk.

Minsken dy't foar de kultuer en histoarje komme fertsjinje krekt mear as yn trochsneed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)