Posityf oer guozze-plannen

18 jun 2014 - 11:54
  • Guozzen

Boeren en natuerbehearders binne posityf oer de nije provinsjale oanpak fan guozzen. It akkoart hâldt yn dat der wer bot ynset wurdt op de opfang fan trekkende guozzen. Utsein de paugoes wurde alle guozzen winterdeis in skoft mei rêst litten, earst twa moannen en as dat befalt úteinlik fjouwer moannen lang.

De boeren, fertsjintwurdige troch LTO-Nederlân, kearden earder hjiroer sawol in lanlik as in provinsjaal akkoart. Brekpunt wie doetiids it mei winterdeis mei rêst litten fan trekkende guozzen.

It Fryske Gea fynt de oanpak in goed kompromis. Ek al fine se de ekstra romte om pauguozzen te sjitten net goed, ta reboelje ûnder de leden sil it nei alle gedachten net liede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)