Positiver oer ekonomy

31 maaie 2011 - 11:02

De noardlike ûndernimmers binne positiver oer de ekonomy. It optimisme hat yn twa-en-in-heal jier tiid noch net sa heech west. Hast in tredde fan de ûndernimmers ferwachtet dit twadde fearnsjier mear omset te draaien. Tsien prosint ferwachtet in ôfname.

Dat docht bliken út de lêste konjunktuerenkête fan de Keamer fan Keaphannel. Yn de measte sektoaren binne de ûndernimmers posityf, útsein de bou. Fryslân hat yn ferhâlding in soad boubedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)