Positive útspraak foar Cambuur

21 jul 2006 - 00:00

De fiif krediteuren dy't in saak tsjin fuotbalklub Cambuur oanspand hiene, ha freedtemiddei ûngelyk krigen. De krediteuren easkje mear jild fan Cambuur as de 20 prosint dy't se krije ûnder de surséânse, dêr't de klub yn sit. Neffens har is dêr jild genôch.

Mar it gerjochtshof joech freed oan dat soks der net yn sit. De krediteuren moatte har skikke yn de 20 prosint. Binnen acht dagen kinne se noch yn kassaasje gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)