Positive reaksjes spoartunnel

26 feb 2013 - 22:26

Goed hûndert minsken ha har tiisdeitejûn yn Wolvegea byprate litten oer de spoartunnel dy't der komme moat yn it doarp. It giet om it projekt Om den Noort dat 12 miljoen euro kostet.

Der wienen foar it earst tekeningen te sjen fan hoe't de nije ferkearssituaasje der út komt te sjen. Neffens wethâlder Jongebloed fan Weststellingwerf binne de reaksjes posityf. De gemeente hat tasein by de bou de ferkearsproblemen sa folle mooglik te beheinen. Moandei moat de gemeenteried in beslút nimme oer de plannen. Yn 2015 moat it klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)