Positive reaksjes op plan

02 feb 2011 - 23:27
  • Argyffoto basisskoalle

Der wurdt foarsichtich posityf reageard op de útkomsten fan in ûndersyk fan de gemeente It Bilt nei de takomst fan it basisûnderwiis.

Yn it rapport stiet dat net alle doarpen yn de takomst twa skoallen hâlde kinne. Hjirtroch moat der gearwurke wurde. Neffens direkteur Jaap Jansma fan it kristlik basisûnderwiis is soks in positive ûntwikkeling. Der binne wol soargen oer it bewarjen fan de identiteit fan skoallen dy't gearwurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)