Positive reaksjes op KH2018

25 okt 2012 - 15:57

In grut tal bedriuwen en ynstellings yn Ljouwert en Fryslân hat posityf reagearre op de plannen foar de Kulturele Haadstêd 2018. Dat skriuwe B en W fan Ljouwert yn antwurd op fragen fan de gemeenteried. Fan de sawat hûndert benadere bedriuwen is in kwart posityf oer de plannen. Dêr sitte ûnder oaren wurkjouwersorganisaasje VNO/NCW en it Samenwerkingsverband Noord-Nederland by. Neffens B en W is de saaklike belutsenheid grut, al binne der noch gjin konkrete finansjele tasizzings dien.

Stipe komt ek fan grutte Fryske gemeenten as It Hearrenfean en Súdwest-Fryslân. Ein novimber wurdt dúdlik oft Ljouwert troch de earste ronde fan de ferkiezing ta Kulturele Haadstêd is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)