Positive reaksjes nijbouplannen sintrum Kollum

29 apr 2015 - 22:40

Ynwenners fan Kollum reagearje foar in grut part posityf op de nijbouplannen yn it sintrum fan it doarp. Dat die woansdeitejûn bliken op in ynrinjûn fan de gemeente Kollumerlân en soarchynstelling Talant. Achter it âlde gemeentehûs komme 29 apparteminten en studio's foar kliïnten fan Talant. De gemeente hat fan 2003 ôf praten oer de ynfolling fan it terrein.

Earst mei de doetiidske eigener WoonFriesland en letter mei projektûntwikkeler Smeeing en soarchsintrum Talant.

Woansdeitejûn presintearren de partijen de nijbouplannen oan de Kollumers. It totale projekt kostet 3,5 oant 4 miljoen euro. Foar de subsydzjes is it nedich dat alles dit jier rûn komt. As der ynwenners fan Kollum eigen 'sjochwizen' yntsjinje, dan wol wethâlder Benedictus fan Kollumerlân sa gau as mooglik mei harren yn petear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)