Positive lûden gemeentefúzje

17 okt 2012 - 19:18

Goed in tredde fan de ynwenners fan Frjentsjerteradiel hat him yn in enkête útsprutsen foar in fúzje mei oare gemeenten yn Noardwest-Fryslân. Dat hat de gemeente bekend makke. Fiifenfjirtich prosint stiet neutraal foar sa'n fúzje oer en sechtjin prosint is der tsjin. Hast 700 minsken dienen mei oan de enkête. Neffens boargemaster Veenstra jout de enkête in goed byld fan hoe't de ynwenners fan syn gemeente tinke oer in fúzje.

De ynwenners wolle wol dat der in gemeentlik loket by har yn 'e buert bliuwt en dat de besteande foarsjenningen bestean bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)