Positive finansjele takomst foar gemeente Tytsjerksteradiel

16 okt 2015 - 17:04
  • Gemeente Tytsjerksteradiel

De gemeente Tytsjerksteradiel hoecht takom jier net ekstra te besunigjen en der is wer romte om te ynvestearjen. Dat blykt út de slutende begrutting fan 2016 en it mearjierreplan oant en mei 2019 dy't presintearre binne. De gemeente wol jild beskikber meitsje foar ferskate projekten. In heal miljoen foar it oanlizzen fan keunstgers op de fuotbalfjilden fan Hurdegaryp en Burgum. Nochris in heal miljoen foar de renovaasje fan sporthal De Westermar yn Burgum.

Fierder wol de gemeente in ton útlûke oan in moetingsromte yn Gytsjerk en nochris 25.000 euro oan plattelânsprojekten. De gemeenteried nimt dêr 5 novimber in beslút oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)