Portretten twa belangrike ynwenners Frjentsjer yn museum

29 okt 2015 - 14:46
  •  Suffridus Westerhuis
  • Titia Bogarda

It Museum Martena yn de Martenastins yn Frjentsjer hat tenei portretten fan twa belangrike bewenners yn de eksposysje. It giet om portretten fan Titia Bogarda en Suffridus Westerhuis. De lêste kocht de Martenastins yn 1696 en makke it ta it stedskastiel dat in no noch hieltyd is.

Konservator Marjan Brouwer seach de portretten yn 2014 by tafal hingjen yn de Botniastins yn Frjentsjer. It museum hat fan de eigener, Stichting Westerhuis Gasthuis, tastimming krigen om de portretten foar in langere tiid tentoan te stellen.

De portretten hingje yn de galery op de bel-etaazje fan it museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)