Portier yn earm biten

30 sep 2012 - 15:11
  • It Ruterskertier yn Ljouwert

Yn de nacht nei de iepening fan it nije Saailân yn Ljouwert binne sneon trije minsken oanhâlden op it Ruterskertier. Ien fan harren hie in portier yn 'e earm biten doe't er mei in maat rûzje krige mei de doarwachter. De beide Ljouwerters naaiden gau út. De plysje koe de manlju op basis fan tsjûgeferklearrings oanhâlde. De portier moast nei de dokter foar behanneling.

Dyselde nachts is boppedat in 20-jierrige Amersfoorter yn 'e boeien slein. Hy hie plysjes misledige en bespuid mei flibe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)