Portier skopt op Skylge

27 jul 2011 - 11:33

In jongeman (19) út Wamel yn Noard-Brabân wurdt fertocht fan mishanneling fan in portier op Skylge. Dy him derút set fanwege ferfelend gedrach. De man waard lilk en joech de portier in skop. De plysje kaam derby en hat de man meinaam nei it buro. Dêr krige er in proses-ferbaal.

Doe't de plysje him letter nei it hotel brocht, slingeren se ek noch in 18-jierrige plakgenoat op 'e bon. Hy soe de oanstichter west hawwe fan de rûzje yn de hoarekagelegenheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)