Portier Ruterskertier mishannele troch stappers

20 des 2014 - 12:53

In 23-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan freed op sneon oanhâlden neidat hy in portier fan in kafee oan it Ruterskertier mishannele hie. De man krige spul mei de portier neidat hy tsjin in doar oanskopte.

Oanslutend ûntstie in fjochterij wêrby't de portier ferskate klappen krige. Op oanwizing fan tsjûgen koe de plysje de fjochtersbaas oanhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)