Portier oppakt nei klap

25 jul 2010 - 15:03

Yn de Alde Doelesteech yn Ljouwert hat de plysje sneontenacht in portier (24) oanhâlden fanwege mishanneling. De man, in ynwenner fan It Hearrenfean, joech in Drachtster (24) in klap yn it gesicht, wylst de man mei de plysje stie te praten. De man die dat sûnder dúdlike oanlieding.

De plysje hat de portier fuortendaliks oanhâlden, meinommen nei it plysjeburo en ynsletten om letter heard te wurden. De Drachtster hat oanjefte dien foar mishanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)