Portier: glês op holle slein

28 feb 2010 - 14:09

In doarwachter oan 'e Noardkade yn Drachten is sneontenacht mei in glês op 'e holle slein. Hy woe in jonge dy't yn sliep fallen wie yn 'e kroech oansprekke, doe't in 20-jierrige ynwenner fan Niekerk him dermei bemuoide.

Beide jonges waarden sa ferfelend dat de portier harren derút sette woe. Ut it neat wei waard de portier mei in glês slein. De 20-jierrige fertochte is oanhâlden en oan 'e plysje oerdroegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)