Portier Dokkum slein en skopt

17 des 2012 - 11:26
  • Geweld

De plysje is op syk nei tsjûgen fan de mishanneling fan in portier oan de Oranjewâl yn Dokkum. De portier fan in hoarekasaak waard sneontenacht troch in tal manlju skopt en slein. Doe't de man al op de grûn lei, waard er sa bot skopt troch manlju út Eanjum (23), Moarre (23), Ljussens (21) en Mitselwier (22), dat hy op ferskate plakken op liif en holle ferwûne rekke. De portier waard oerbrocht nei it sikehûs en dêr behannele.

De plysje hold de fjouwer fjochtersbazen oan, mar hat wol ferlet fan oanfoljende ynformaasje oer de tadracht.

In befeiliger (33), dy't de portier helpe woe, waard ek troch de fjouwer manlju skopt en slein. Ek hy rekke dêrby ferwûne. De oanlieding foar de fjochtpartij wie in ferfelende opmerking fan ien fan de fjochtersbazen tsjin in meiwurkster fan de hoarekasaak. De man waard dêrop frege om de saak te ferlitten. De plysje wol graach yn kontakt komme mei tsjûgen of mei minsken dy't oars mear witte oer de mishanneling fan de portier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)