Portefúljes nije deputearren bekend

15 maaie 2015 - 11:31
  • De deputearren
  • It nije Koälysje-akkoart

It nije kolleezje fan deputearre steaten fan CDA, VVD, SP en FNP presintearre freed it nije kolleezje-akkoart. Wichtige punten binne mear wurk yn gearwurking mei it midden- en lytsbedriuw, legere opsinten op de wegebelesting en in Deltaplan Frysk foar de fersterking. Derneist is ek de ferdieling fan portefúljes oer de deputearren freed bekend makke.

Sander de Rouwe (CDA) giet oer de finânsjes, ekonomyske saken, wynmûnen en it ûnderwiis. Sietske Poepjes (CDA) giet oer ynfrastruktuer, taal, media, kultuer en kulturele haadstêd.

Klaas Kielstra (VVD) wurdt ferantwurdlik foar wenjen, rekreaasje en toerisme, grûnbelied, Waadeilannen en Thialf. Johannes Kramer (FNP) krijt natuer, plattelânsgebiet en lân- en túnbou yn portefúlje. Michiel Schrier (SP) giet oer miljeu en hânhavening, duorsume enerzjy, sosjaal belied, sport en it fyts- en kuierbelied. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma hâldt de algemiene koördinaasje en giet oer de feiligens, kommunikaasje, it bedriuwslibben en algemiene bestjoerssaken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)