Porslein kado foar museum

22 mrt 2012 - 18:07

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert hat in bysûndere Japanske beskildere panne krigen. It museum krige de panne fan de famylje Kakiemon. Dy makket al hûnderten jierren Japansk keramyk fan it allerheechste nivo. It giet om porslein dat beskildere is mei blommen en bisten op in helder wite achtergrûn. Hûnderten jierren lyn waard it al sammele troch de Europeeske adel.

Ferline jier organisearre it Princessehof in tentoanstelling mei Kakiemon-ierdewurk. Neffens de Japanske tradysje krijt it museum it Kakiemonboard dêrom kado.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)