Porno-argyf is poater

12 feb 2009 - 14:45

De gemeente Ljouwert mist syn porno-argyf. Dat argyf is yn de jierren santich oanlein troch in gemeente-amtner. Alles wat mei Ljouwert te krijen hie, moast doedestiids argivearre wurde. Dat jilde ek foar pornografyske ôfbyldingen.

It argyf is ferdwûn by in ferhuzing, seit in meiwurker fan it Historisch Centrum Leeuwarden. It hie gjin fêst plak. De meiwurker slút net út dat in kollega it stiekum mei nei hûs ta naam hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)