Populaasje gewoane seehûnen yn Waadsee bot groeid

03 mrt 2016 - 16:56

Yn it Nederlânske diel fan de Waadsee binne ferline jier hast 600 gewoane seehûnen mear teld as it jier derfoar. Dat docht bliken út sifers fan ûndersyksynstitút IMARES, in ûnderdiel fan de Universiteit fan Wageningen. It ynstitút hâldt yn opdracht fan it ministearje de stân fan de gewoane seehûnen yn 'e gaten.

De teller kaam yn 2015 op hast 7700 gewoane seehûnen. Dat it der folle mear binne as it jier derfoar komt, omdat de seehûnegryp yn 2014 in soad slachtoffers makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)