Popstars-Kim huldige

07 feb 2010 - 09:19
  • Kim Stolker joech sneon foar 2000 minsken in show yn eigen doarp (foto: Henk Stoelwinder)

Sjongeres Kim Stolker fan De Gordyk is sneontejûn yn har eigen doarp huldige troch boargemaster Ravensteijn. Stolker waard ferline wike twadde by it SBS6-tillevyzjeprogramma Popstars.

De huldiging wie yn Sportpark Kortezwaag op 'e Gordyk. De sjongeres krige in sieradesjek út hannen fan de boargemaster. Dêrnei joech se in show fan sawat trije oeren, mei Popstarsdielnimster Dewi, har sus en de band Dikinorde. Op de huldiging kamen sa'n 2000 minsken ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)