Popprogrammeur Muis bedrige

06 des 2003 - 00:00

Popprogrammeur Harry Muis fan stichting Het Podium yn Ljouwert driget op te hâlden mei it organisearjen fan pop- eveneminten. Oanlieding soe wêze dat er trije wike lyn mei in mes bedrige is troch mei-organisatoaren fan in hiphop- evenemint yn in diskoteek yn Ljouwert.

Fierder wol Muis graach troch de gemeente Ljouwert betelle wurde foar syn aktiviteiten, mar dat komt net fan de grûn. Muis wol net reageare, mar syn kollega's by Het Podium binne oanslein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)