Poppriis nei Nynke Laverman

12 des 2010 - 09:12
  • Nynke Laverman (foto: Menno Stassen)

Nynke Laverman hat de Fryske poppriis 2010 wûn. De Friesland Pop Talent Award gie nei De Hûnekop. De prizen waarden útrikt yn poppoadium Romein yn Ljouwert. Laverman koe dêr fanwege in optreden net by wêze. De LC Publykspriis wie foar it Glemmer Festival dat dit jier foar it earst holden waard op 'e Lemmer.

De Omrop Fryslân Klipkar+ fideopriis foar de bêste klip fan it ôfrûne seizoen gie nei de klip fan A Silent Express, foar it nûmer Will I be around.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)