Poppriis foar Willem de Vries

21 des 2013 - 07:41
  • Noardewyn-presintator Willem de Vries

Programmamakker Willem de Vries fan it programma Noardewyn (Live) fan Omrop Fryslân hat freedtejûn de Friese Popprijs fan Friesland Pop wûn. De Vries krige de priis útrikt yn poppoadium Romein. Dêr fynt op it stuit ek de rekôrpoging fan Serious Record plak.

Willem de Vries makket al jierren it muzykprogramma Noardewyn. Ek hat er alle wiken live optredens fan ferneamde artysten út binnen- en bûtenlân yn syn programma Noardewyn Live. De Vries waard troch de sjuery wurdearre om it entûsjasme dêr't hy syn programma's mei presintearret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)