Poppoadium Romein kin better

21 jan 2002 - 00:00

Teater Romein yn Ljouwert is noch net genôch in poppoadium. Dat skriuwt de PvdA oan B en W fan Ljouwert. It ûntwikkeljen fan sa'n poadium is ien fan de spearpunten fan it kultuerbelied.

Dêr is noch net folle fan op 'e hispel kommen. Fan de fjirtich fereaske popkonserten binne mar 16 organisearre. En dat wylst der wol 45.000 euro oan subsydzje hinnegien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)