Poppe fermist yn Eastermar

12 nov 2010 - 10:01

Yn Eastermar wurdt in poppe fermist. It giet om in jonkje fan fjouwer wike âld. De heit hat de poppe meinommen nei spul mei de mem. It berntsje hat lykwols soarch nedich en dêrom ropt de plysje op út te sjen nei in blauwe Mercedes Vito Bus.

It kenteken is 27-VP-NP. As je de bus sjoen hawwe wurde je fersocht sa gau as mooglik de plysje te beljen op 112. Der komme by de plysje al ferskate tips binnen, sa lit de plysjewurdfierder wite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)