Popov mei Hearrenfean ferlitte

15 maaie 2010 - 13:44
  • Goran Popov (foto: Omrop Fryslân)

Hearrenfeanspiler Goran Popov mei omsjen nei in oare klup. Dat seit de nije trainer fan Hearrenfean Ron Jans. Neffens Jans is it net sa dat Popov fuort moat, mar as der in klup komt, hâldt Hearrenfean him net tsjin.

Pawel Wojciechowski mei ek omsjen nei in oare klup. Hearrenfean hat him oanbean om by Emmen te spyljen, mar dêr hat de Poal net posityf op reagearre. Jans hat fierders in petear hân mei Tarik Elyounoussi en de kâns is grut dat de Noar weromkomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)