Popnet hâldt bedriuwedei

10 aug 2011 - 09:51

De stichting Friesland Popnet hâldt op 22 septimber in Popnet Bedriuwedei yn Ljouwert. Organisaasjes en ynstânsjes dy't yn de popscene wurkje steane sintraal. It doel fan de dei is om de ferskate partijen byinoar te bringen en sa nije inisjativen te betinken.

De kontaktdei is yn de wike fan de Friese Popcultuur, dy't op 17 septimber begjint. It Freeze Festival op 24 septimber sil de Fryske popwike ôfslute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)