Popfestival Freeze útferkocht

25 sep 2011 - 14:33

Popfestival Freeze yn de Ljouwerter Harmonie wie sneontejûn foar de alderearste kear útferkocht. Al ridlik betiid yn de jûn wiene alle 2200 kaarten fuort. De Belgyske band Triggerfinger wie de grutte lûker fan it festival. De seal wie te lyts foar alle leafhawwers.

Earder spile de band ek in lytse akoestyske set foar in beheind publyk. Op Freeze wiene sa'n tritich optredens yn alle sealen fan de Harmonie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)