Popfestival Freeze lûkt 1.500 besikers

27 sep 2015 - 16:05

Popfestival Freeze yn de Ljouwerter Harmonie hat sneontejûn likernôch 1.500 besikers lutsen. Dat is fergelykber mei oare jierren. Allinnich foarich jier wie in útsjitter. Doe wie it festival mei 2.000 man publyk útferkocht. Dat kaam foaral troch topact Kensington.

Op Freeze wie wer in ferskaat oan muzykstilen te sjen en te hearren. Headliner wie Blaudzun. Ek it Omropprogramma Noardewyn live hie in eigen poadium.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)