Popakademy: fertraging driget

01 maaie 2003 - 00:00

Der driget fertraging foar de nije popakademy yn Ljouwert. De Hanzehegeskoalle yn Grins wol perfoarst op 1 septimber út ein sette mei dy oplieding. Dy soe komme moatte yn it Fryslânhûs, dat se fan tongersdei ôf hierd ha.

Op it stuit sit de Afûk dêr noch en dêr is noch hieltyd gjin nij ûnderkommen foar fûn. Tiisdei 6 maaie is der wer in oerlis tusken de Hanzehegeskoalle en de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)