Pop yn Romein noch net útiten

01 feb 2003 - 00:00

Teater Romein en stichting Het Podium binne der noch net út. De gemeente hat harren útstel jûn om ta in oplossing te kommen fan it konflikt.

Het Podium hat fan de gemeente yn prinsipe tastimming krige om popmuzyk te programearjen yn Romein, mar beide partijen moatte dêr wol in oerienkomst oer berikke. Dat is oant no ta net slagge. Komt dy oerienkomst der net, dan lûkt de gemeente de subsydzje foar popmuzyk yn Romein yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)