Pop-up restaurant draait goed

08 maaie 2014 - 16:33
  • De Happietaria yn de Ljouwerter binnenstêd

It tydlike Pop-up restaurant oan it Heerewaltsje yn Ljouwert draait goed. It restaurant is in inisjatyf fan Ljouwerter studinten dy't jild ynsammelje om de libbensomstannichheden fan ynwenners fan Kambodja te ferbetterjen. Twa wike lang kinne besikers ferskate hapkes en drankjes probearje, mei ferrassende nammen. Mei in feiling koenen minsken in namme betinke foar it iten.

Sa stiet kofje bygelyks as 'Keijzerlijke energizer' op de menukaart. De reaksjes binne oant no ta posityf, it restaurant is de earste dagen al goed besocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)