Poortje net nei It Hearrenfean

23 apr 2012 - 12:27
  • Het Poortje yn Grins

Der komt gjin festiging fan de justisjele jeugdynrjochting Het Poortje op It Hearrenfean. Dat hat de ried fan bestjoer fan Het Poortje moandei besletten.

Neffens de ried wurde der hieltyd minder jongeren yn in justisjele ynrjochting pleatst. Utwreiding op It Hearrenfean is dêrmei oerstallich wurden. Mei it beslút giet de oankeap fan de grûn net troch. Het Poortje hat ek noch in festiging yn Feanhuzen.

Tsjin de komst fan Het Poortje nei It Hearrenfean hat altyd in soad ferset west. It is noch ûndúdlik wat der no wol barre sil mei de grûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)