Poolpack ferhuzet nei Winschoten

01 mrt 2002 - 00:00

It Boalserter bedriuw Poolpack ferhuzet nei Winschoten. De festiging yn Boalsert moast mei yngong fan 1 maart ticht omdat it risiko foar in miljeuramp te grut wêze soe. Poolpack makket gemikaliën foar swimbaden.

Nei ûndersyk die bliken dat it bedriuw net feilich genôch wie. It bedriuw hie ek wol nei Harns ta wold, mar dêr moasten se earst ek wer in fergunning hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)