PoolPack Boalsert moat ticht

08 jan 2002 - 00:00

It bedriuw PoolPack yn Boalsert moat op lêst fan de gemeente har doarren slute. It bedriuw dat gemikaliën foar swimbaden ferpakt, foldocht net oan de miljeueasken. De brânwacht hat in lange list mei easken opsteld mar it bedriuw kin dêr net op koarte termyn oan foldwaan.

Boppedat ferhuzet it bedriuw noch dit jier nei Harns, dêr't de bou-easken noch stranger binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)