Pony's slim mishannele

03 mrt 2004 - 00:00

Twa drachtige pony's yn it doarpke Westhim binne swier mishannele. Dat hat de plysje woansdei wite litten. De eigneresse fermoedet dat de bisten mei in stom foarwerp penetrearre binne.

Se ûntduts de mishanneling tiisdeitemoarn doe't se de dieren fuorje woe. Normaal sprutsen komme de pony's direkt op it foer ôf, mar ien fan de twa reagearre net. De frou seach dêrop it bloed út de sturten fan de bisten rinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)