Pontsje Langwar fart wer

19 maaie 2006 - 16:26

De pont oer de Langwarderfeart by Langwar fart sûnt freed wer. De pont hat in skoftlang net farre kinnen fanwege grut ûnderhâld. Dêrtroch moasten kuierders, fytsers en bromfytsers omride fia Sint Nyk.

Dat hoecht no net mear. It hat lang duorre foardat mei de opknapbeurt fan it pontsje begûn waard. Der is lang diskussiearre oft der in akwadukt komme moast yn plak fan it pontsje. Dêr wie lykwols net genôch jild foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)