Pontons moatte hynders helpe

01 nov 2006 - 16:56

It leger stjoert 50 man nei it Noarderleech om te helpen. Sy ha opblaasbere brêgedielen by har dêr't se in driuwende brêge mei bouwe sille. Ek ha se boaten mei om de hynders oer te farren, want de ôfstan fan de hynders oant de wâl - 700 meter - is te lang om hielendal mei pontons te oerbrêgjen.

In pear spesjalistyske ferkenners, sa as tsien dûkers binne al te plak. De maresjaussee begeliedt de kompanjy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)