Pontbaas It Wiid bedrige

08 aug 2011 - 10:41
  • De pont nei It Wiid (foto: Onno Falkena, Omrop Fryslân)

De plysje hat in 32-jierrige ynwenner fan Lippenhuzen oanhâlden. Hy soe de pontskipper fan It Wiid by Earnewâld bedrige hawwe. De man tocht sneintejûn mei syn rappe boat noch foar de oersetter delfarre te kinnen. Mar hy ramde de pont, sprong derop en bedrige de skipper. Hy luts de kaaien fan de pont út it kontakt en soalde dy oerboard.

De plysje hat de man meinaam nei it buro. Hy is dêr fêstset foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)