Ponghâlder jout diel werom

07 apr 2014 - 16:06

De ponghâlder fan de parochy op It Amelân, dy't in grut bedrach fan de tsjerke achteroer drukt hat, hat moandei "een aanzienlijk" diel fan it jild weromstoart. Dat hat in wurdfierder fan it bisdom bekend makke. It is net dúdlik om hoefolle jild oft it krekt giet. It soe om mear as de helte gean. Fierders is ek net bekend wêrom't de man it jild weromjûn hat.

De ûndersiken nei de fertsjustering gean gewoan troch, sa lit de wurdfierder witte. It ûntslach fan de ponghâlder bliuwt ek fan krêft.

De parochy waard begjin ferline jier troffen troch brân wêrby't de tsjerke folslein ôfbaarnde. De weropbou is yn folle gong en dat kin ek gewoan trochgean, want it jild dêrfoar stiet op in oare rekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)