Ponderosa yn Dokkum ticht

06 feb 2013 - 14:49
  • Diskoteek Ponderosa, Dokkum
  • Diskoteek Ponderosa, Dokkum
  • Diskoteek Ponderosa, Dokkum

Bar-dancing De Ponderosa yn Dokkum moat op syn minst in moanne ticht. Dat hat boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel besletten. Neffens har soargje besikers fan de Ponderosa sûnt de weriepening yn 2012 yn de wykeinen foar tefolle oerlêst. It giet dan ûnder mear om fernielings, fjochtpartijen en lawaai.

De eigner is der al ferskate kearen op oansprutsen mar it slagget him net de situaasje te ferbetterjen. De Ponderosa mei dêrom fan freed ôf net mear iepen. Dat mei pas wer op 11 maart, op betingst fan in goed feilichheidsplan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)