Pompstasjons mei grien gas

18 feb 2011 - 11:57

Fan april ôf kin rûnom yn Fryslân grien gas tankt wurde. It bedriuw OrangeGas fan It Hearrenfean iepent de kommende twa moanne pompstasjons yn Harns, op De Jouwer, yn Burgum en Surhústerfean. Der binne dan sân yn hiel Fryslân.

OrangeGas hat ek plannen foar gasfulstasjons yn Snits en Wolvegea. It bedriuw wol foar de ein fan dit jier in lanlik dekkend netwurk fan grien gas realisearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)